Ûndersyk LoCALL projekt

Lokale taallânskippen, dêr docht it Erasmus+ projekt LoCALL ûndersyk nei. It giet dan net allinnich om hokker talen der sichtber binne yn de iepenbiere romte en hoe’t dy wjerjûn wurde, mar ek om it sichtber ynsetten fan dizze talen yn it taalûnderwiis. Dosinten hawwe hieltyd faker te krijen mei in superferskaat oan talen yn har klassen. It sichtber meitsjen fan de talen dy’t yn de klasse praat wurde, draacht der oan by om aktyf yn ’e kunde komme te kinnen mei de meartaligens yn de eigen omjouwing.

Ien fan de aktiviteiten dy’t yn in gearwurking tusken LoCALL en Holi-Frysk útfierd is, is Taaldetektive. Foar dizze aktiviteit moasten learlingen fan de fjirde klasse fan it Piter Jelles !mpulse en it Ljouwerter Lyseum op ’e syk nei talen dy’t sichtber binne yn harren eigen omjouwing, as in echte taaldetektive! Op in selskeazen plak yn of om de stêd hinne moasten sy in stik of 15 foto’s meitsje dêr’t taal op te sjen wie. Dêrnei moasten de learlingen yn groepkes dizze foto’s analysearje. Bygelyks oer hokker talen der te sjen binne en wat de funksje is fan de tekst en de taal. As lêste, mar net ûnbelangryk, joegen de learlingen harren miening en advys oer wat se sjoen hiene. By dizze tekst sjochst in foarbyld fan in foto mei de talen en funksje en ien fan de konklúzjes fan de learlingen.

http://holi-frysk.nl/nieuwsbrieven/hf_nieuwsbrief_05.html

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s

%d bloggers like this: